fonger boontjes

FRISSEL SITE IT FRISSELGRIEN

 

INDEX

net mear sâltich

de kastanjebeam

Fryslân Foarby

Net Mear Sâltich

Op it strân rûk ik
hûnen en auto's
minsken en grutte skippen
de see....

dy 't al sûnt
it âldste geologyske tiidrek
bringt wer 't nimmen om frege
no weromspielt
wat eltsenien delsmyt

en rûzjet rûzjet
mar net meer sâltich.

De Kastanjebeam

Wazem kondensearret bij fiif graden
Ik sjoch omheech wolkjes foar de mûle
De kastanjebeam is keal
hij wit in soad fan mij
de kastanjebeam

werûnder it parkere swier keallet
nei links nei rjochts der yn der út
Ik kin heel wat fertelle oer dat parkere
De kastanjebeam
hat giele blêden en stikels

 Yn it reataurant wie it iten bêst
en it drinken en misken prate lûd
De kastanjebeam
is mar in bytsje ferlochte
Ik woe wol wat sizze oer lûdroftigens

stillichheid moaiens of soksawat
en de kastanjebeam
Mar ik siz neat doch neat de wrâld giet fierder
De kastanjebeam
hat gjin stikels

 

Fryslân Foarby

De ferstoarne Pleats mei Foarein
is as fekânsjehûs réynkarnearre
Bouke en Jeltsje hjitte allinnich
noch Pake en Beppe of hynders
fan It Fryske Hynder

Earizers kreakje yn seazen
op brúne âlde foto's

 



 

 

 

Fonger Boontjes

- fan oktober 1948 - wennet yn Schiedam en wurket as bibletekaris by ProBiblio yn Hoofddorp.
Hy skriuwt graach gedichten yn meardere talen.