IT FRISSELGRIEN

 

HAADSIDE

side 1

side 2

side 3

side 4

side 5

side 6

SIDE 7

side 8

 









gedicht van

A. van der Heiden

FREYA’S LIET

Ik bin de Grutte Mem, oanbeden troch alle skepsels en Sy dy’t Wie, foar harren bewustwurding.
Ik bin de froulike oerkrêft, ûnmjitlik en ivich.
Ik bin de treflike Goadinne fan ’e Moanne, de Froue fan alle magy.
De wyn en de rûzjende blêden sjonge myn namme.
Op myn foarholle draach ik de slydjeier en myn fuotten rêste yn stjer besiedde himels.
Ik bin it som fan alle mystearjes, in wei, justjes betrêde.
Skep freugde yn my en kin de rikens fan ’e jonkheid.
Ik bin de seinige Mem, de sierlike frouwe fan ’e rispinge.
Ik bin klaaid yn it donkere, koele wûnder fan ’e Ierde en yn it goudene kleed fan wiuwende fjilden fol nôt.
Ik bin de oarsprong en de hoedster fan ’t tij op Ierde; al wat groeit komt ta bloei yn myn jiertiid.
Ik bin beskerming, betterskip, ik bin Sy dy ’t Libben jout, ûnmjitlik en strieljend fruchtber.
Oanbid my as de Âlde Wize frou, weefster fan ’e syklus fan dea en werberte.
Ik bin it tsjel, it skaad fan ’e Moanne.
Ik bin de oarsprong en de hoedster fan ’t libbenstij fan frou en man, en jou ferkwikking en befrijing oan warge sielen.
Wit dat de tsjusterens fan ’e dea myn gebied is, mar ek de blierens fan ’e jefte fan berte.
Ik bin ’e Goadinne fan ’e Moanne, de Ierde, de Seeën.
Myn nammen en krêften binne grut yn tal.
Ik bin ’e Boarne fan krêft en magy, frede en wiisheid.
Ik bin ’t iere, de iivich Jonge frou, de Mem fan ’t Al, en de Âlde Wiize frou fan tsjusterens, en ik skik jim de seinigingen fan ûneinige leafde.

 

klik hier voor de Nederlandse vertaling