coby smits

FRISSEL SITE IT FRISSELGRIEN

 

INDEX

 Wite wolkenkant

De swietrook fan de simmer

It Kealtsje

De trije flearbeammen

Wolle Jo reageare op Coby Smits har wurk? Meel dan fia .

Wite wolkenkant

‘t Wie okkerdeis ris op in stille jûn
Op een neisimmerjûn fan in neisimmerdei
We giene te rinnen even Finkum om,
Op dy neisimmerjûn fan dy neisimmerdei
We slofken wat om
We skeuvelden wat troch it doarp
Guonnen hellen ús yn
Wy holden ynienen stil
Leech oer de greiden, fier oer de kimen
Seagen we loft, wite wolken.

Wolken sa wyt en noch sa ûnbedoarn
O sa mjitsk yn it wyt, o sa mjitsk yn it ljocht.
Wolken fan side, wite siden kant
Tearden har stiltsjeswei om een skjinblauwe loft.
Blakstilwite wolken
Weefden harren hiel temûk
Om de rijblauwe himel
Yn teare wite wolkenkant
Teare wite wolkenkant
Rijblauwe himel
’t Die suver sear oan de eagen.

De trije flearbeammen

Mankelyk en moai tagelyk
Hikke en tein by de wide mar
Een hoannestap fan de rydwei of
Binne de trije flearbeammen
wer fallen yn de jierlikse opsmuk
Se steane foar pronk en pracht op de wrald
Ynskiklik en skruten hingje se derby
As waarden se net foar fol oansjoen
As koene se net mei oaren meidwaan
Skeanoer en wat rungear
Wurk bestiet alhiel net foar harren
Se hawwe hielendal neat by de ein

Se sjogge lang net op een oere
Ferprate harren net, tsjin gjinien
Se hawwe mei gjinien gedoente
Se halde alles stil
Se geane foar neat yn de bocht
Se mimerje harren troch de tiid
Se slite lange simmerdagen
Sunder euvelmoed yn harren pronk

Mankelyk en moai tagelyk
Hikke en tein by de wide mar

 

It kealtsje

Een poerfrjemd fjild mei blomkepraat
Een poerfrjemd fjild mei grien
It giel, it wyt, it ruzjend skaad
Ferbjust're bliuwt er stean.

It kealtsje toutert oer it gers
en komt wiidskonkich del.
Wurdt suver kjel fan alle lud
En fan de ljochtskyndei.

De earen stean him rjocht oerein.
De sturt slacht him hast lam.
De eagen skril, it kin min oars.
Hy fearret troch it gers.

Hy leit it mei de maitiid oan.
Se helje inoarren oan.
It ljocht trillet op harren del.
Sjocht harren iepen oan.

It redt him skoan, it skept een ban.
op it kamke griengslan.
Se wurde it iena yn 't middeiskoft.
Se binne inoarren treast.

 

 

De swietrook fan de simmer

Ik bin der mei opbrocht alle simmers wer.
Mei de roken sa swiet op een waarme simmermoarn.
Alles feroaret, ‘k ha der soms wol oan,
mar de swietrook dy hâldt âlde tiden oan.
Een tiidrek yn streken.
Een tiidleaze freugde.
Ryprije roken
Roken fan it bloeisel.
Swietsêfte roken lizze yn kringen
om al ús nijjichhyd hinne.

It seit my oan, it seit my minlik oan,
It wol my al dy mjitskswiete roken ta ha.
It tinkt om my, ja oan ús allegear,
It skuort elts troch de tiid, de swietroken fan hjoed.
It toevet wer ik delgean.
It teart om my hinne.
Fuort kin’k net komme
as soe ik it wolle.
‘ k Kin ‘ t hast net ferneare dy drege myldens.
Swietsêfte rook fan de simmer.

Tank foar de rijens fan de simmerrook
foar de treast,swiete treast op een waarme simmermoarn.
Tank foar de tagedienens fan de rook,
foar de swietsêfte rook fan de mylde simmermoarn.
It toevet wer ik delgean.
It teart om my hinne.
Fuort kin ‘k net komme
as soe ik it wolle.
Tank foar de seine, swietsêfte seine,
ryklik en rij fan de simmer.

 


 

 

 

Coby Smits hat as hobby it skriuwen fan gedichten en ferhalen. Ek wurket se as learkrêft yn it basisûnderwiis.