sj.f. talsma

FRISSEL SITE IT FRISSELGRIEN

 

INDEX

libben

eala fryslân

reinwetter op 'e hûd

opskuor

Libben

 

Is it libben weardich

te libjen

hwa bin ik

it tramtearre gewisse

ûnmachtige

de minskheid yn wittens

it fersloer yn´t wêzen

de dea om neat,

ta heil foar .. wat?

't is my oandien

ik libje

as ferwezeling,

mei dy wittenskip,

myn macht is net sa great

as dy fan Jo,

ik soe myn libben jaan.

EALA FRYSLAN

Opheape út dridze, besiele troch swit en bloed, Frysk bloed

Fryske groun, terpelân sûnder wjergea, gisele troch floed

Behurde Friezen troch stiid op striid, efternei sûnder treast

It Fryske folk, douhûdich en mânsk, mar mei in eigen geast

 

Sljocht'eide terpen, it Fryske wêzen fergriemd, fertraapje litten

It Rea Klif, troch tiid, is Fryslân syn eigens ferjitten

In eigen Fryslân, mei syn memmetaal, hat gjin krêft mear oer

Fryslân steatleas, delslein en gjin striid mear, foar immer yn't fersloer

 

Ik langje nei dy Fryske geast fan douhûdigens, oprjocht en hurd

Wat kin ik oars, as myn ferealens op Fryske eigenens beskamme wurd

Ik wol my net oerjaan oan it oerwâldzjen fan myn Fryske bloedferbûn

Oars bliuw ik toarstigjen, aenst as myn lea rêst,

yn fertuteaze Fryske groun.

 
REINWETTER OP 'E HûD

Ik bin noch fan in foargeande generaasje of sa mear,

net dat dêr wat mis mei is hjer, it tsjindiel earder,

fan in tiid doe 't de douche noch tobbe hjitte sil ik mar sizze

ja, it is al efkes lyn, ik wyt it mar sa giet it nou ien kear

 

yn dy tiid wie ik wol ris oergunstich west op it fee yn't lân

as it dan reinde en brodzich wie, in lekker buike opé bealch

en as it dan letter droech wie, stiene hja gewoan te dampen

it wie in moai oansjen, en it jout noch altiid in bân

 

noch net sa lang lyn wie it ek sok hjit waer, de hiele dei

in donkere loft wie kommende, en ik tocht dit is myn kâns

en sei tsjin'e frou "ik doch de klean út en bliuw bûten "

hja leauwde my net fansels, it wie ek mar sa'n hjitte hei

 

dat feroare doe't ik yn'e hûs brocht, wat net wiet wurde mocht,

hja sei "do bist net wiis, brûk dyn ferstân man" doe't se dat seach,

en "hoe âlder hoe gekker", ik sei tsjin har "do kinst wol meidwaen ju"

nou doe doge ik hielendal net mear fansels as ik dat al tocht

 

ik gie sitten en de bui kaem, ik tocht trochsette jonge, 't is sa dien

yn't begjin gie it wol en wie't wol lekker op'e bleate hûd

mar dat duorre net sa lang, doe trille ik as in trilboar sa slim

ik koe net wer waarm wurde en bin mar ûnder de hjitte douche gien

 

twa dagen letter wie ik sa ferkâlden as in snip en tige min by siele

doe ha ik mar beslètten om fuortoan mear nei myn frou te harkjen

se hat neat sein, it is sa'n bêste frou dy't ik troffen ha, en wiizer ek,

ek al wol hja net mei my in reinbui op it bleate liif fiele.

 

Opskuor

 libben
in tel
noch minder
yn ivichheid
sa as myn flypke
yn it wetter fâlt
ienris de omjowing
yn opskuor bringt
om dan foargoed
yn'e ûnmjitlikheid
te ferdwynen

 

 

sj.f. talsma is 60 jier en wennet yn Tsjummearum